Snein 22 juny ha we in konsert hân yn gearwurking mei Concordia út Drylst. Hjir spyljen we bij de houtseachmûne ‘de Rat’ yn Drylst. Concordia regele dat de lokaasje klear stje en wij regelen in foarwerpenbingo foar it publyk.
It tema wie: ‘Ik ga op reis en neem mee…’
En we ha der in moaie reis fan meitsje kint.
Yn it foar wie de waarsfoarspelling dat it dik 28°C wurde soe mei folop sinneskyn! Dat elts wie der simmers op klaait, petten en sinnebrillen yn de oanslach en in goeie fles wetter mei. En dan docht bliken dat it waar dochs har eigen paad gjit. Bewolking, in spetterke reinwetter en in goeie flaach wyn wêrbij de knipers de blêdmuzyk dreech op de standert fêsthâlden. Der fleagen letterlik en figuerlik muzyknoaten troch de loft. En dat jout dan tagelyk ek in losse ‘fakânsjesfear’ oan it konsert.
Nei ôfrin fan dit konsert ha we tegearre mei Concordia in simmerôfslúting hân. In bbq bij de Utherne yn Drylst. En dermei is it simmerskoft!
Oan’t freed 29 augustus, dan is de earste rippetysje wer yn de Tysker.
