BESTJOERWSIKSELING Op freed 7 maart is it jieroerlis foar de leden hâlden yn de Tysker. Yn it bestjoer bin der wikselingen: Watse v/d Meer hat ôfskie nommen as sikretaris en dermei ek as bestjoerslid. Watse, bedankt foar dyn grútte ynset yn al dyn bestjoersjierren! As nije sikretaris ha we Jeannette Punter ree fuon om dizze funksje oer te nimmen. Wolkom yn it bestjoer.
IEPEN RIPPETYSJE Yn jannewaris hat fanfarekorps ‘Ons Ideaal’ yn Gau in rippetysjejûn hân. Dit hat ús goed foldien sadat we noch in kear komme te rippertearjen! En dêrbij wol we jimme útnoegje om der gesellich bij oan te skowen. Lit jim ferrasse en kom harkjen hoe sa’n rippetysje der bij ‘Ons Ideaal’ oan ta gjit. Mar it liket us ek leuk ta om jim de kâns te jaan ris in kear mei te blazen as te drummen.
Freed 25 april bin jim fan herte útnoege om dizze iepen rippetysje fan ‘Ons Ideaal’ bij te wenjen. Jûns fanôf 20.00 oere yn ‘Ús Gebou’ te Gau. Fiel jim wolkom om sa oan te skowen!
KOMMENDE BYSÛNDERE DATA
Snein 30 maart, 13.30 oere | Optreden bij it 75-jierrich jubileum fan de Fûgelwacht Easterwierrum. |
Freed 25 april, 20 oere | Iepen rippetysje yn doarpshûs ‘Ús Gebou’ yn Gau |
Snein 22 juny, 15.30 oere | ‘Ik-ga-op-reis-concert’ yn gearwurking mei Concordia Drylst, dit konsert fynt plak yn Drylst bij de houtseachmûne. |
Tiisdei 15 en tongersdei 17 july | Op de wein bij de optocht fan Spulwike yn Easterwierrum |
ÂLDIZER AKSJE YN OKTOBER Sneon 11 oktober komt der op it reade plein wer in âld-iizer kontainer te stean. Hjir kin jim alle metaalsoarten yn kwyt. Tink begelyks oan: stiel, iizer, jitijzer, kobalt, rvs, aluminium, koper, lead, sink en messing. Apparaten fan metaal kin jim ek kwyt yn de kontainer, útsein apparaten wêr ek floeistof yn sit (kuolkast, friezer). Foar jim de ideale mooglikheid om fan it âlde metaal ôf te kommen en wij as fanfare bin der tige wiis mei.
Mear ynformaasje oer dizze aksje komt noch. Mar no wol âlfest de fraach at jim it âld iizer foar ‘Ons Ideaal’ sammelje en bewarje wolle?
WOLST EK MEI ÚS MEI SPYLJE? Hast ea op in blaasynstrumint spyle en wolst it muzyk meitsjen wer oppakke? As liket it dy leuk om dit te learen? Der is altiid romte foar mear blazers en slachwurkers om mei ús mei te dwaan! Sadat ‘ons ideaal’ misskien ek ‘dyn ideaal’ wurde kin. Hjirfoar kin jim kontakt opnimme mei ien fan de bestjoersleden as kom gesellich in kear lâns at we freed te jûns oan it repertearjen binne yn ‘de Tysker’.
FERSYK OAN ÚS STIPERS (donateurs) – werhelle oprop- Graach soene wy it mailadres ûntfange fan ús stipers foar kommunikaasje yn it kommende jier en de jierren dêrnei. Nei in ynventarisaasje bin we der efter kommen dat der fan ús stipers hast gjin mailadressen bij us bekind binne. Foar kommunikaasje, ûnder oare útnoegings foar konserten en aksjes, bin jim dan op’e hichte te hâlden. Graach sjogge wij jo mailadres temjitte. It mailadres kin jo stjoere nei: ons.ideaal@gmail.com