Simmerkonsert

Snein 22 juny is der yn gearwurking mei CMV Concordia út Drylst in optreden fersoarge bij de houtseachmûne yn Drylst. It tema fan dit konsert wie ‘Ik ga op reis…’ En we ha der in moaie reis fan meitsje kint. Yn it foar wie de waarsfoarspelling dat it dik 28°C wurde soe mei folop sinneskyn! Dat elts wie der simmers op klaait, petten en sinnebrillen yn de oanslach en in goeie fles wetter mei. En dan docht bliken dat it waar docht har eigen paad gjit. Bewolking, in spetterke reinwetter en in goeie flaach wyn wêrbij de knipers de blêdmuzyk dreech op de standert fêsthâlden. Der fleagen letterlik en figuerlik muzyknoaten troch de loft. En dat jout dan tagelyk ek in losse ‘fakânsjesfear’ oan it konsert. En dat der yn it publyk dan ek Easterwierrumers sitte, makket foar ús de goeie sfear kompleet.

Nei ôfrin fan dit konsert ha we tegearre mei Concordia in simmerôfslúting hân. In goed fersoarge bbq bij de Utherne yn Drylst. En dermei is it simmerskoft! Oan’t freed 29 augustus, dan is de earste rippetysje wer yn de Tysker. 

Kommende bijsûndere data

15 en 17 july               Op de wein bij de optocht fan Spulwike.

Sneon 15 novimber   Meidwaan oan it jubileumkonsert fan âld-dirigent Gatse Hylkema yn Berltsum.

En der stjit noch in waarm-winterkonsert op de planning. De útnoeging hjirfoar folget…

Âld izer-aksje yn oktober

Sneon 11 oktober komt der op it reade plein wer in âld-iizer kontainer te stean. Hjir kin jim alle metaalsoarten yn kwyt. Tink begelyks oan: stiel, iizer, jitijzer, kobalt, rvs, aluminium, koper, lead, sink en messing. Apparaten fan metaal kin jim ek kwyt yn de kontainer, útsein apparaten wêr ek floeistof yn sit (kuolkast, friezer).

Foar jim de ideale mooglikheid om fan it âlde metaal ôf te kommen en wij as fanfare bin der tige wiis mei. 

Mear ynformaasje oer dizze aksje komt noch. Mar no wol âlfest de fraach at jim it âld iizer foar ‘Ons Ideaal’ sammelje en bewarje wolle?

Wolst ek mei ús mei spylje?

Hast ea op in blaasynstrumint spyle en wolst it muzyk meitsjen wer oppakke? As liket it dy leuk om dit te learen? Der is altiid romte foar mear blazers en slachwurkers om mei ús mei te dwaan! Sadat ‘ons ideaal’ misskien ek ‘dyn ideaal’ wurde kin. Hjirfoar kin jim kontakt opnimme mei ien fan de bestjoersleden as kom gesellich in kear lâns at we freed te jûns oan it repertearjen binne yn ‘de Tysker’.  

Fersyk oan ús stipers (donateurs)

– Herhelle oprop- Graach soene wy jo mailadres ûntfange foar kommunikaasje yn it kommende jier en de jierren dêrnei.  Nei in ynventarisaasje bin we der efter kommen dat der fan ús stipers hast gjin mailadressen bij us bekind binne. Foar kommunikaasje, ûnder oare útnoegings foar konserten en aksjes, bin jim dan op’e hichte te hâlden. Graach sjogge wij jo mailadres temjitte. It mailadres kin jo stjoere nei: ons.ideaal@gmail.com

Ons Ideaal-nijs, juny 2025

Berichtnavigatie


Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *